Min strie min wie it waar en it fjild in wike lyn op freed 1 july doe’t de famylje Nieuwland partij keatst wurde soe. Der waard in nije datum prikt en de opjefte gie opnij iepen. 40 bêrn op de list. De prizen wiene besteld mar hoe wie it mei it fjild? Der foel freedtemoarn nog wol aardich wat wetter en mear as Piet sein hie. Mar it koe heve.
Op it sudwestlikke diel fan it fjild op it Meinga komplex koene 9 perken lein wurde en om in oer as healwei seizen hinne waard der útein set mei de partij. Wat wer in enthousiasme by de bern! Der waard keatst yn njoggen perken yn krekt safolle kategoryen mei in yndividueel klassement. Doe’t it oan it priisútdielen ta wie moast der nog drok rekkene wurde omdat der by mar leafst fjouwer groepen sawol de foar as tsjin earsten gelyk wien. Tige spannend foar de bern want wa hie no de krâns wa hie de preemje en wa moat it de oare kear wer besykje yn de prizen te keatsen. Elts betanke foar de ynset . Hjirûnder de útslachen:
Kabouters: 1e Lysbeth de Jong 2e Annemar Schmidt
Welpen 3 1eEsmee Kinderman 2e Herman de Jong
Welpen 2 1e Hylke Dooper 2e Sido Swart
Welpen 1 1e Jan Yntema 2e Jurre de Vries
Pupillen 3 1e Luuk Dooper 2e Yda van der Meer
Pupillen 2 1eLars Schmidt 2e Redmer Kornet
Pupillen 1 1e Tjerk Kamsma 2e Merijn Boonstra
Skoaljeugd2 1e Sinne van der Meer 2e Jurre Buwalda
Skoaljeugd 1 1e Jitske Kamsma 2e Rixt de Vries