It ferslach fan de ôfrûne jierren kin ek dit jier wol wer hast kopiëert wurde. It merkekeatsen by it Wetterlân wie ek yn 2016 wer in bjusterbaarlik moaie dei. It waar wie prachtich, 20 graden, sinne en net in soad wyn. perfekt om te keatsen. Luchtkessen foar de bern, ferlotting foar jong en âld. Fergees ysko’s! Dat der wie wer hiel wat folk op ôf kaam. In soad publyk fansels en ek rom 120 keatsers op de ferskate listen. 7 listen mar leafst. Elts jier wer in hiel gepuzzel foar de organisaasje om eltsenien op him/har nivo yn te dielen. Mar neffens my wie dat hiel aardich slagge. Dit jier wie der ek in primeur. De “zachte-bal” fariant hie mear dielnimmers as it “fryske-spul”. In opfallende ûntjouwing. Mar wol ien wêr’t in goeie ferklearring foar is. Wie it in pear jier lyn in spultsje foar de wat mindere keatsers, tsjintwurdich steane der ek betûfte “Frysk-spul” keatsers by dy’t harren mar ien kear yn it jier oan it keatsen weachje. En dan krije jo dochs wat minder flot in seare hân! Tja, binne jo dan in suertsje of krekt ferstannich? Hawar, it partoer Bart Reinsma, Rene Atema en Wiebe Jellema wûn by harren debút yn sêfte spul fuortendaliks de krâns yn de A-poule. De mannen kinne yn beide spulsoarten goed út de fuotten! Sy fersloegen úteinlik op rûtine de jonge tsjinstanners. Komplete útslaggen stiene wol earne op dizze side, fansels nim ik net alle priiswinners op, al hawwe se dat wis fertsjinne mei harren sportive prestaasje. By de froulju fryskspul wie der mei trije partoer net in soad flecht op de koai. Wol waard der spannend keatst. De jonge blommen Marije, Fenna en Rixt wiene úteinlik de sterksten en waarden fraai behongen mei de prachtige krânsen. De C-klasse Frysk spul wie in proai foar it twatal Sjoerd Bouma en Roel ten Hoor. Mei alles oan de hang wiene ja krekts wat lokkiger as de tsjinstanners. Piet Andringa wûn mei Erik Okkema ek wer ris in krâns. Dit mei youngster Tjardi Hoeksma, die syn debút net better betinke koe. De wiere toppers stiene yn de A-klasse fansels. Hjir wiene it echtpear Wiesje en Gerrit Bijlsma, tegearre mei Gerrit Groen net te bekeatsen. Trije kear flot de winst binnen.
Goed wie it ek om te sjen dat it bestjoer dit jier strang tafersjoch hâld op de dielnimming rigels. (Âld)-Grousters en (âld)-wetterlânleden meie meidwaan. Dit jier gjin partoeren mei (eks)-kollega’s, fiere neven of kammeraten om’t se tafallich (hiel) goed keatse kinne. Dus dêr oer gjin geëamel, kreas dien. De wedstriidkommisje hie de hiele dei goed it oersjoch oer de 19 perken dus koe foarsitter Wim Nieuwland de priisútrikking “nije styl” dwaan. En ik moat sizze. Dat gong moai flot! De neisit wie fansels al lang begûn en gong, mei in moai stikje libbene muzyk, noch wol efkes troch. Takom jier foar alle (âld-) Grousters: net stinne, der hinne.