Op moandei 18 febrewaris is der hommels in ein kaam oan it libben fan Durk Oosterman. Durk wie in man mei in echt Wetterlân hert. Jierrenlang hat der yn it bestjoer sitten en dernei nog hiel wat oare funksjes hân binnen de feriening. De lêste jierren as wedstrydsekretaris, yn’e fjildliskommisje en de wedstrydorganisaasje mei it merkekeatsen.

Ek yn’e keatswrâld hat Durk net stilsitten, sa hat der jierren lang mei Nanne Kleefstra yn’e TC sitten fan it frouljuskeatsen en hat der sekretaris fan de freonen fan it keatsmuseum.

Wat hawwe Durk en Hillie genoaten doe’t harren dochter Debora keatste op it heechtste niveau, elts wykein riden se nei de keatsfjilden ta. Sa wie Durk ek jierrenlang coach fan it frouljuspartoer fan Grou mei as hichtepunten de winst op it NK mei Monique, Wiesje en Debora yn 2000, 2003 en 2004.

Oan it lêst ta wie der sels ek aktief mei it muorrekeatsen, sawol binnen as bûten wie der altyd oanwêzig om mei dit spultsje mei te dwaan. Hy koe der fan genietsje dat der moaie punten makke en de wille spatte der altyd ôf.

 We sille Durk misse op en om it keatsfjild, hy stie altyd klear om op wat foar wize dan ek, foar de keatsferiening wat te betsjutten.

 Hillie, Remko, Debora, Klaas, Duko en fierdere famylje, we winskje jimme in protte sterkte ta mei dit ferlies.

 

Leden en bestjoer keatsferiening It Wetterlân