Snein 4 febrewaris wie it wer safier, de jierlikse sealkeatswedstriid foar de jeugd stie wer op it program. Krimmele, dat wie efkes harsesskrabje hoe’ t we alles op papier sette soenen as jeugdkommisje en hoe’t we lotsje moasten, want der stienen mar leafst 29 bern op de list.

En mei 5 categorieën en 4 perken wie it efkes puzzeljen hoe’t de ferdieling wêze moast om der gjin nachtwurk fan te meitsjen.

Mar hawar, de linen binne mei tape lein, de kransen wer keurich ynoarder, en alders die’t helpe woenen bij de rûs. Foar guon bern wie it dochs wol wer efkes wennen want sa hearden we, ‘myn han docht sa sear oant en mei blikje, wat is it kearen dreech yn de seal, it giet sa hurd’. En wilens it bûten almar kalder waard, gongen de temperatoeren binnen omheech. Want wat waard der bijtiiden spannend keatst! Bij mar leafst twa partijen moasten we op 5-5 6-6 allegearre it fjild út.

Al mei al hat de jeugd it publyk traktearre op in prachtige keatsmiddei en koenen om healwei fiifen alle prijzen ferdield wurde. It sil grif drok wurde yn de bioscopen want de prijzen bestienen dizze kear út bioskoopbonnen. Dit waard mei mooglik makke troch Anema salaris en advies.

Welpen: 

1e priis: Lysbeth de Jong

2e priis: Rindert de Wal

4 febr welpen

Pupillen B:

1e priis: Sytze de Jong

2e priis: Remco Velstra

4 febr pupillen B

Pupillen A:

1e priis: Jan Yntema en Javi Perez Boonstra

2e priis: Daan Harkema en Bauke Hallema

4 febr pupillen A2  4 febr pupillen A1e

Skoaljongens:

1e priis: Sido Harkema en Redmer Kornet

2e priis: Merijn Boonstra, Daan Algra, Kees Jan Bijlsma

4 febr skoalj 2  4 febr skoalj 1

Jongens/famkes:

1e priis: Tjardi Hoeksma, Sinne van der Meer

2e priis: Rixt de Vries en Tjerk Kamsma

4 febr jongfam 2  4 febr jongfam 1