Bêste sponsor/belutsen ûndernimmer,
Normaal bisto der altyd foar ús, mei it sponsorjen fan de keatswedstriden en de Merkeferlotting tidens de merkeparty fan KV It Wetterlân.

Graach wolle wy dy as sponsor/belutsen ûndernimmer in hert ûnder de rym stekke yn dizze ûnwerklike tiid.
Sûnens is fansels it wichtigste, mar wy hoopje dat dyn bedriuw ek sûn bliuwt. Jim wurde no ek rekke troch it coronavirus. Opdrachten bliuwe ût en saken moatte ticht. De 1 1/2 meter maatskippij sil noch wol in tiid oanhâlde.

Yn oerlis mei it bestjoer is besletten, mocht de merkeparty dit jier wol troch gean, dat de Merkeferlotting dan net trochgiet. It troch de hannen gean fan de prizen en de lotsjes is te besmettingsgefoelich.

Wy gean der fan út dat yn 2021 wer folop keatst wurde kin en wy hoopje dan ek wer in berop op dyn gulheid dwaan te meien. Foar no bliuw sûn en hâldt fol!

Mei keatsgroet,

Bestjoer en sponsorkommisje KV It Wetterlân Grou