Soad fertier yn Grou
Op de Pikmar wiene moaie skipkes te sjen by de sylwedstriiden fan Oostergoo, der wie in famyljedei by GAVC, Mid-Fryslân organisearre har jierlikse tintenkamp en dan wie der snein noch de famyljekeatsdei fan It Wetterlân. Dit alles mei in prachtig waarbyld, sinne, wyn, en in noflike temperatuer. De oare ferienings doche harren eigen ferslach, wy hawwe it hjir oer it keatsen op in prachtig fjild op it Meinga kompleks en dan foaral oer de bern. Dizze kear wat minder dielnimmers, 32, mar de wille wie der net minder om. Der waard keatst om de krans en de troch Anema salarisadviesburo oanbeanne prizen. Der waard faaks boppeslein en it wie troch de wyn faaks lestich de bal goed yn it perk te hâlden. Om in oer as 2 hinne waard by de jongerein de lêtse slach slein. Nei de priisútrikking koe der noch iten wurde en waard de dei ôfsletten mei in geselliche neisit.
De útslachen:
Jongen/Meisjes
1. Rinse Jan de Groot en Rixt de Vries

Schooljongens/meisjes
1. Redmer Kornet en Wietze van den Berg

Pupillen A
1. Merijn Boonstra
2. Daan Algra
3. Luna Otte

Pupillen B
1. Sido Swart
2. Kees Jan Bijlsma
Welpen A
1. Javi Perez Boonstra
2. Esmee Kinderman
3. Annaloes Bijlsma

Welpen B
1. Lysbeth de Jong
2. Yfke Breeuwsma
3. Marre Buwalda