Prizen check, listen klear check, krânsenmakkers check, fjildlizzers check, kantinekommisje check, ferklaaiklean check. Sa gong dat ferlyne tiisdei ûngefear yn de keatskanine fan Grou by de jeugdkommisjeleden fan it Wetterlân yn Grou. Wat in gedoch?? Eins wol mar as jo betinke hoefolle wille wy der foar werom krije fan de bern, heiten en memmen, pakes en beppes en oare belangstellenden dan kostet dat hast gjin enerzjy. Nee, dan krije jo der enerzjy f…an. Freed waarden der mar leafst 23 perken op it fjild lein. Klear foar in wykein fol keatsen, bingo, lasergame, pankoek ite, wille en fertier.
Sneon twa oere waard de earste slach slein foar de Yntema jeugdmerkeparty. En wat wie it prachtig dat dhr. Yntema de sponsor fan dizze party om in oer as fjouwer op it keatsfjild kaam om der te bliuwen oant de priisútrikking ta. De priiswinners fansels allegearre yn de krans en in moai sulveren keatswantsje en foar de preemjewinners in sulveren oanmerkblokje. De pankoeken stiene al te wachtsjen en der koe iten wurde, wernei it junsprogramma, mei lasergamen, bingo en in disco los gean koe. Fansels wie der wer in moaie fotopresentaasje fan it seizoen en de prizen fan de kompetysje waarden útrikt. It begong súntsjes te reinen mar oh wat kinne jo der lekker op sliepe. Sneintemoarn ier wiene in soad al wer yn t spier en foar guon wie it wol hiel betiid mar in bakje kofje docht meastal wûnderen.
De âlderbernparty begong om tsien oere. Tusken de buien troch waard der fûleindich keatst mei tuskentroch in fergese fertarring. Rûn healwei fjouweren waarden ek hjir de bekinde medailles en krânsen utrikt. Elts gong dernei mei in foldien gefoel nei hûs. De Jeugdkommisje wol elts dyt bydroegen hat oan dit wer moaie keatsseizoen foar de jeugd, tige tank sizze.
