Of sa as in jeugdkommisjelid nei ôfrûn appte: ‘de dei wie lang, mar wat is der moai keatst; it wie de dei dûbeld en dwers wurdich!’ En sa tocht elk der oer. It wie moai waar, we hiene hast fjirtich bern op’e list en yn hast alle kategoryen wie elk tige oan inoar weage. We hawwe in pear kear meimakke dat der roppen waard: ‘elts efkes út it fjild; it is 5-5, 6-6! Sa’n momint is foar de âlders en pakes en beppes hast noch spannender as foar de bern sels dy’t dan oan it keatsen binne! En dy letste slach liedt fansels ta blidens by de ien en ta fertriet fan de oar.

Us sponsors Erik en Douwe rikten yn etappen de prizen út. Rûn in oer as healve ienen waard útein set mei de kabouters, welpen en jonges. In oere letter wiene de famkes, pupillen B en famkes oan’e beurt. En pas om healve trijen  koene ek de prizen ferdield wurde by de pupillen A.

Utslach

Jonges

  1. Tjardi Hoeksma
  2. Jorrit Haarsma

Famkes

  1. Jitske Kamsma
  2. Annarikst Punter

Skoaljeugd

  1. Tomas Hofstra
  2. Laura Dijkstra

Pupillen A

  1. Jan Yntema en Sem v/d Berg
  2. Redmer Kornet en Stef van Steen

Pupillen B

  1. Sytse de Jong
  2. Remco Veldstra

Welpen

  1. Gavi Perez Boonstra en Annarixt Algra
  2. Jelte Hellinga en Brecht de Wal

Kabouters

  1. Ids Hellinga
    Yfke Breeuwsma
  2. Lycke Wouters
    Rindert de Wal

_MG_1522

_MG_1514

_MG_1508

IMG-20170508-WA0000