IN MEMORIAM DOUWE DE VRIES

Op 4 augustus is der dochs nog hommels in ein kaam oan it libben fan ûs bestjoerslid en keatsfreon Douwe de Vries. Mei Douwe ferliest It Wetterlân in trouwe frijwilliger dy’t altyd klear stie om wat putsjes op it fjild as kantine ûnder hannen te nimmen.

Douwe hikke en teine yn “syn” Grou wie in echte Grouster en sa stie der ek as in warber man yn it Grouster ferieningslibben. Sa hat der earder ek al yn it bestjoer fan It Wetterlân sitten en hat der jierren sitting yn it bestjoer fan de Fûgelwacht Grou hân. Neist it keatsen, mocht Douwe ek fan de natoer genietsje en gong der gauris mei de boat der op út om moarns iere betiid te fûgeltsje tellen. Yn’e fakânsjes der op út mei de boat oer de Fryske marren en fearten, mei as hichtepunten de PC yn Frjentsjer en it skûtsjesilen. Sa sylde der ek as bemanningslid mei op it skûtsje fan de Raerder Roek yn de IFKS. Douwe koe genietsje fan dizze eveneminten, de gesellichens en de minsken om him hinne foar in praatsje.

Wy sille Douwe misse op en om it keatsfjild, hy stie altyd klear om op wat foar wize dan ek, foar de keatsferiening wat te betsjutten.

Siepie, Liesbeth en Idzert, Wietske en Alexander, Jelmer en fierdere famylje, wy winskje jimme in protte sterkte ta mei dit ferlies.

Leden en bestjoer It Wetterlân