Ek dit wykein wienen der wer Grouster priiswinners te finen op de Fryske keatsfjilden.

It wienen dit wykein de froulju dy’t de prizen nei Grou hellen;

 

1e klas Froulju Dokkum

Nynke Sinnema wûn mei har maten Sietske Okkema en Marije Hiemstra de 1e priis

 

Froulju Haadklasse Húzum

Marte Altenburg behelle mei har maten Elly Hofman en Martzen Deinum in tredde priis

 

1e klas Froulju Marssum

Hjir foelen trije Grousters yn’e prizen;

Ymkje Yntema en Aluca Bouma wûnen in tredde priis mei harren maat Hesther de Boer

Ek Nynke Sinnema foel hjir wer yn e prizen mei Sietske Okkema en Marije Hiemstra, in 3e priis.

 

PC

Fierder hat Alle Jan Anema mei syn maten Bauke Triemstra en Hendrik Kootstra mei gemak harren pleatst foar de PC. Se gean no as 3e partoer yn’e ranking nei de PC.