Tiisdeitejûns waarden de lêste puntsjes op de sprekwurdelike “i “setten troch de jeugdkommisje fan “it Wetterlân” foar it jierlikse jeugdkeatswykein. Freedtejûn binne de 19 perken dy’t nedich wienen lein wêrnei sneons om 14:00 oere JC foarsitter Carla it wykein iepene. It wie fansels in hichtepunt dat de sponsor fan dizze partij, de 95 jierrige hear Yntema ek nog efkes delkaam. It fjild lei der troch de rein fan de ôfrûne wike goed by. De tinten fan it tintenkamp waarden opsetten en der wiene springkessens. Der waard omraak slein yn 9 ferskillende perken.
En die oare tsien perken dan? Ja, die moasten sneins brûkt wurde. By de Yntemaparty kamen der bytiden ferrassende winners út foar de JC. Eltse kear nei it lotsjen, ja der waard echt lotte, hawwe de kommisjeleden in poultsje fan wa’t der mei de krâns fan trochgean sille. Sûnder oaren te koart te dwaan sprongen Luna en Redmer by de pupillen en Wietze en Jildou by de skoaljeugd der dochs wol út. Om in oer as fiif waarden de prizen útrikt en koe der pizza iten wurde. Doe’t de magen goed fuld wiene, waard der útein set mei de troch de froulju fan de JC betochte spultsjes foar in echte seiskamp. De prizen fan de kompetysje waarden dernei útrikt. En doe koe de disko mei dj Jouke losbarste. En wat doche wy dan? Just: roeie………!! De eagjes waarden by guon al wat lyts, mar oaren woenen de hiele nacht trochsette. It wie al yn de lette oerkes dat elts it kessen fielde. Sneintemoarn 10:00 oere wie elts wer presint by de âlder/bernpartij . 51 twatallen gongen de striid oan yn ferskate kategoryen. Tuskentroch wie der foar elts sop en broadsjes en nog in punt pizza. Marije hie nog in moai filmke makke fan it ôfrûne seizoen. Om trije oere wiene de linen oprêden, waarden de prizen útrikt en wie der in grut applaus foar de stopjende jeugdcommissieleden Jentsje en Henk-Auke dy’t harren jierrenlang ynsetten hawwe foar de jeugd! Al mei al in slagge wykein. En as jo as ferieniging en jc safolle bern op it fjild krije, mei jo best sizze dat it jeugdkeatsen it hiel aardich docht yn Grou. De JC wol elts dy’t yn wat foar foarm dan ek meiwurke hat tige tank sizze. Oant in oare kear!!
Utslagen
Yntema partij 2017
Kabouters
1. Yfke Breeuwsma
2. Marre Buwalda
Welpen
1. Annaloes Bijlsma en Rutger Hellinga
2. Lysbeth de Jong en Hylke Dooper
Pupillen B
1. Jelte Hellinga en Frederique Slot
2. Remco Veldstra en Jochum Douma
Pupillen A
1. Redmer Kornet en Luna Otte
2. Merijn Boonstra en Jurre de Vries
Schooljeugd
1. Wietze vd Berg en Jildou Bouma
Jongens/meisjes
1. Tjardi Hoeksma en Rixt de Vries

Ouder/kind partij
Jongens/Meisjes
1. Simon Miedema en Thomas Miedema
2. Jorrit Haarsma en Harry Haarsma
Schooljeugd
1. Tomas Hofstra en Jentsje Hofstra
2. Jurre Buwalda en Peter Buwalda
Pupillen Jongens
Winnaarsronde
1. Kees Jan Bijlsma en Gerrit Bijlsma
2. Redmer Kornet en Femke Kornet
3. Bauke Hallema en Jouke Hallema
verliezersronde
1. Jan Yntema en Bote Yntema
2. Daan Algra en Jelly Miedema
3. Remco Veldstra en Gerben Veldstra
Pupillen Meisjes
1. Anke de Groot en Aizo Spijkstra
2. Luna Otte en Ron Otte
Welpen
winnaars ronde
1. Stef van Steen en Fons van Steen
2. Esmee Kinderman en Alberto Kinderman
verliezers ronde
1. Annaloes Bijlsma en Wiesje Bijlsma
2. Herman de Jong en Ruurd Bosma
Kabouters
winnaars ronde
1. Rutger Hellinga en Hylke Andringa
2. Rindert de Wal en Baukje de Wal
verliezers ronde
1. Ids Hellinga en Geartsje Hellinga
2. Lycke Wouter en Lennard Drogendijk
