Moandeitemiddei 20 maaie. It sintsje skynt, lekker waar dat it swit êfter de brilglêzen, de fjilden lizze der kreas bij. De sop wurd  klearmakke, 38 bern op de list, jawis, it kin heve! De partij fan ien fan de oprjochters fan keatsferiening It Wetterlân:

de Bote Groen partij 2019.

Dat elts der mar nocht oan hie die bliken want om fiif oere wie de earste jeugd al op it fjild. Wilens de partij pas om healwei seizen begjinne soe. De priizen waarden yn de bestjoerskeamer alfêst útpakt en klearsetten en guon jeugd hie der stiekem al in glimp fan opfongen. No doe wist de jeugdkommisje wol genoch, oan de ynset soe it grif net lizze. Sokke grutte en machtig moaie priizen. De âldste jeugd kremeneare súver al dat sij ek dit kear leaver in beker hienen dan jild. It moat dochs net raarder wurde!

Der waard fûleindich striiden op it fjild. Guon partijen hienen alles oan de hang, of sa goed as alles oan de hang sa as bij de vrolijke meiden, en ek de jongste jeugd woe graach sjen oft de tillegraven wol allegearre kompleet wienen. Striid tusken bruorren en sussen, tusken freontsjes en freondintsjes, alles kaam foarbij. Om goed kertier oer njoggenen wie de lêste partij dan einliks dien. Ik tink dat we als jc mar ris fergaderje moatte oer ljochtjouwende ballen of ljochtpeallen of soksawat want de âldste jeugd krige mar gjin genôch fan it keatsen. 

De jongste jeugd wie fansels bliid, hja mochten fansels letter op bêd! Guon bern grif mei de grauwe beker neist it hollekessen. Krekt foardat de winterjasse wer oankoe, wienen dizze jeugdleden wer thús.

We kinne werom sjen op in prachtige Bote Groen partij!

De priizen waarden als folgt ferdield:

1 Marre Buwalda

2 Rindert de Wal

3 Wouter Douma

De Kanjers:

1 Lysbeth de Jong

2 Ids Hellinga

De Uitblinkers:

1 Anneloes Bijlsma

  Brecht de Wal

2 Sido Swart

 Jogchum Douma

Schooljongens/pupillen:

1 Jan Yntema

 Stef van Steen

2 Merijn Boonstra

 Jurre de Vries

1e verliezersronde

Redmer Kornet

Remco Veldstra

De Vrolijke Meiden:

1 Jildou Bouma

2 Ilselyn Kramer

3 Sybrecht Bouma

Jongens/famkes

1 Tjerk Kamsma

 Anne Rikst Punter

2 Jitske Kamsma

 Sinne van der Meer