Moaie jûn by de Bote Groen jeugdledenwedstriid yn Grou
Dizze kear in lyts ferslachje fan de Bote Groenparty, in jeugdkeatswedstriid dy’t al foar de 12de kear keatst waard yn Grou. In moaie opkomst mei in dikke 40 bêrn. Der waard keatst yn 6 kategoryen. By it iene perk mear spanning dan it oare. Moai om te sjen dat der 2 pake/beppesizzers fan Bote en Roelie meikeatse. De prizen en krânsen wiene wer prachtig, it waar wie goed en it fjild wie keihurd mar goed om op it keatsen. In soad pukbliek en frijwilligers. Al mei al in tige slagge keatswedstriid mei de folgjende winners:
Jeugd
1. Fenna Hoekstra en Tjerk Kamsma
2. Jitske Kamsma en Marije de Vries
Schooljeugd
1. Tomas Hofstra en Sinne v/d Meer
2. Ties van Steen en Laura Dijkstra
Pupillen A
1. Merijn Boonstra en Jurre de Vries
2. Daan Algra en Stef van Steen
Pupillen B
1. Remco Velstra en Frederique Slot
2. Sytse de Jong en Sido Swart
Welpen A
1. Esmee Kinderman
2. Annaloes Bijlsma
Welpen B
1. Brecht de Wal
2. Yfke Breeuwsma
3. Lysbeth de Jong

