We skriuwe hjoed 13 juni, de allerearste De Trije Matenpartij stiet op it programma. De gerdinen iepen; ‘yes, it sintsje 🌞 derbij’. De koarte broek oan en we stowe nei it moarnsbrochje 🍳 de doar út. Ferdikke, dochs noch kâld op de wyn 💨, mar wer gau yn de hûs en it fest mar oan. En dan op nei it keatsfjild. Wurd it dan sa’n dei? Sa’n dei dat it waar hiel wat liket mar it dochs stjerrende kâld ❄️is. Mar dan sjogge je alle jeugd blier 🥰 dat se wer keatse kinne en docht de 🌞 der noch in straaltsje bij. Ja, it wurd hjoed sa’n dei, in machtig moaie dei foar in jeugdledenpartij. Om goed ⏰tsien oere wie eltsenien ynsmart en rûkte it oer it hiele fjild nei de kokos🥥 fan de sinnebrân en koenen we los. Der waard, ûnder tafersjoch fan de trije maten omraak keatst. Sportief en gesellich, en dat sûnder de âlders en pakes en beppes want ja, de corona regels binne wol fersoepele mar der mei noch net publyk bij. De âlders die’t ús holpen hawwe, tige tank foar jim help. In pear hânnen 💪🏻derbij is altiten noflik (sawol mei it klearmeitsjen fan de fjilden as ek help op de tillegraaf). Elts keatste hjoed individueel 1️⃣, dat it waard in hiel gerekken. Sa as we it went binne fan ús jeugdleden, keatse se ‘alles of niets’, dat 5-5 6-6 wie gjin útsûndering en ferskate bern hawwe de knibbels iepen fan it dûken, alles om de bal mar foar de keats te hâlden. Konkluzje: de jc moast it telraam derbij hawwe want it kaam sels op de tsjinearsten, wat sis ik, punten oan! De temperatuer gie mar omheech en omheech, oant hast twa oere, doe’t de lêste slach slein waard en de trije maten (Jehannes, Anne-Jan, en Ytzen) net allinnich de priiswinners mar alle jeugdleden die’t hjoed meidienen in presintsje jaan koenen. Want al ús jeugdleden binne ommers toppers👍🏻👍🏻👍🏻👏🏼👏🏼👏🏼. Fjildlizzers, assistinten, krânsenmakkers, kantinefroulju, ‘De Trije Maten’, tige tank dat jim ús jeugd wer in machtige wedstriid keatse hawwe litte kinnen! 🙏 🙏 🙏
De priizen waarden as folgt ferdield:
De Wetterlân jonkjes
🥇Pepijn Slot
🥈Rindert de Wal
🥉Wessel de Boer
De Wetterlân famkes
🥇Lotte Kalsbeek
🥈Dette Terra
De Wetterlân toppers
🥇Janne Velstra
🥈Jelco de Boer
🥉Fardau Terra
De Wetterlân kanjers
🥇Anneloes Bijlsma
🥈Frederique Slot
De Wetterlân strijders
🥇Remco Velstra
🥈Daan Harkema
🥈Jelte Hellinga
