Minsken, moarnsier it sintsje der al bij, strakblaue loft, net al te folle wyn, prachtig keatswaar!

Mei mar leafst 23 bern op de list koe der mar leafst yn 5 klassen keatst wurde.

Wat in prachtige partijen hawwe we sjoen. Spitichernoch waard it wol sa waarm dat der net folle publyk op de fjilden wie, mar de sponser de famylje Nieuwland waard traktearre op hiel wat talint en dus ek moaie partijen. Meinammen bij de klasse wêr at Kees Jan Bijlsma, Jurre de Vries, Remco Velstra, Redmer Kornet, Daan Algra, en Jan Yntema keatsten, wie it drok op de bankjes want der waard fantastysk slein. Machtpartijen! Mar ek bij de twa jongste klassen, mei twa keatsters die harren aller aller allerearste wedstriid keatsen wie it prachtig, ek dêr waard boppe slein en hiel stabiel opslein. Talinten genôch! En dan de âldste kategorie, de vrolijke meiden, en Jurre. Wat koe Jurre him knap steande hâlde tusken al die froulju!

En hoewol de partijen spannend wienen en der ûndanks de waarmte fûleindich striiden waard, koenen om goed twa oere (bijwenne troch de sponsor) alle priizen ferdield wurde en koe elts sa fluch as mooglik nei it strântsje.

De priizen waarden als folgt ferdield:

Welpen B

  1. Rindert de Wal
  2. Lars Dijkstra

Welpen A

  1. Marre Buwalda
  2. Ids Hellinga

Uitblinkers

  1. Anneloes Bijlsma en Jogchem Douma
  2. Brecht de Wal en Lysbeth de Jong

Schooljongens

  1. Jan Yntema en Remco Velstra
  2. Redmer Kornet en Jurre de Vries

De vrolijke meiden (en Jurre ☺)

  1. Jurre Buwalda
  2. Jildou Hania