Sneontejûn goed sân oere, de tillefoan trillet. De appkes komme binnen oft de jeugdleden partij sjoen it waar wol trochgean moat. Dreech te sizzen, it sintsje sil der miskien wol bij komme, mar de temperatuur hawwe we net yn de hân. We beslúte de gok te weagjen en sizze de partij net ôf.

Letter docht bliken dat it hûndert parten meifalt mei it waar. It sintsje is derbij, en de kjeld, no ja, der kinne jo je op klaaie. We hawwe guon bern sels yn de koarte broek sjoen. It kin heve, we binne los!

Mar leafst 28 bern stienen op de list. Prachtig oantal foar de earste partij fan it seisoen. It lot wie prachtig want we hawwe prachtige keatspartijen sjoen. Eltsenien keatste inidividueel en dat betsjutte dat in oantal bern al nei ien as twa partijen drok oan it rekkenjen wienen hoe’t se der foar stienen en oft die earste krâns bij harren thús oan de muorre komt. En wier…. Sels de lytste jeugd, de welpkes wienen al oan it rekkenjen. Prachtig, want dat hâld yn dat de bern de spulrygels al drommels yn de gaten hawwe. Bij de âldste jeugd en bij de skoaljongens brûkten we in bysûnder nij troch Nolke ûntwikkele lottingsprogram. En dat levere dochs in bysûndere útslach op want de bruorren Harkema hienen beide lykefolle earsten, mar ek tsjinearsten en ek lykefolle “tsjinwoarstjes”. Dat moast dochs net kinne, mar nei fjouwer kear neirekkenje die bliken dat der wier twa winners wienen.

De welpen, de toppers en de jongens/famkes keatsten omraak want om goed ien oere waarden dêr de priizen ferdielt. De skoaljongens, ja die hienen krekt wat langer nedich. Neist prachtig keatsen wie it hearren en sjen fan de psychologyske oarlochsfoering somtiiden noch moaier!

Om goed twa oere waarden de lêste lynen opromme, en de priizen oan de skoaljeugd útrikt en koe elts nei de merke of oars noch efkes yn it doarp sjen. En de jeugdkommisje? Die koe hiel tefreden werom sjen op in prachtige ôftraap fan it seisoen.

De priizen waarden als folgt ferdield:

Welpen A

  1. Rutger Hellinga
  2. Lysbeth de Jong

Welpen B

  1. Pepijn Slot
  2. Marre Buwalda

Toppers

  1. Anneloes Bijlsma
  2. Sido Swart
  3. Herman de Jong

Skoaljongens

  1. Daan Harkema en Sido Harkema
  2. Jelte Hellinga
  3. Merijn Boonstra

Jongens/famkes

  1. Bauke Hallema
  2. Kees-Jan Bijlsma
  3. Redmer Kornet

WhatsApp Image 2019-04-15 at 16.53.06 wetterlan Kv KV It Wetterlan