It hiele jier siet it net mei, mei it jongespartoer fan It Wetterlân, der waard gjin prizen wûn op de ôfdielingswedstriden. Mar pieke op it goeie momint kinne ûs jonges wol!! Op woansdei 7 augustus moatst it heve yn Wommels op de Freule. In moai lot mar dan moat je it wol bewize. De 1e omloop waard der keatst tsjin Bitgum, de mannen fan Grou wienen krekt op ‘e tiid wekker, want nei 3-0 efterstân kaam Grou oan keatsen ta en wûnen mei 5-3 fan Bitgum. Op nei de twadde omloop, Menaam waard de tsjinstanner op it haadfjild. Nei in snelle start kaam Menaam nog wol wat tichterby mar binne Rinse Jan, Tjardi en Stan net yn gefaar west. In steand nûmer en yn’e prizen, dit wie fansels al moai genôch mar de Grousters wienen nog net klear!!

 

Yn it middelste perk fan it haadfjild moatsten de jonges tsjin Wytmarsum. Al hienen se fleugels krigen, op en ût waard der bêst keatst en wûnen se mei 5-1. De heale finale wie helle!!! Yn’e heale finale wie Winsum de tsjinstanner, jammer genôch hienen se net de power as in omloop hjir foar en ferlearen se mei 5-1 fan de lettere winners!

 

Rinse Jan, Tjardi, Stan en harren coachen Ino en Roy, lokwinske mei dizze moaie boppeslach!!!

 

Foto’s makke troch Henk Bootsma