Sponsornijs – De Trije Matenpartij
Op woansdei 26 maaie is der in sponsorkontrakt tekene mei de trije maten. Dizze trije maten, Anne-Jan, Ytzen en Johannes sille foar trije jier in jeugdledenwedstryd sponsorje. Wy binne as feriening hjir tige wiis mei dat dizze trije Grouster keatscoryfeeen de jeugd stypje wol yn de wille fan it keatsen.
Op snein 13 juni sil de earste “de Trije Matenpartij” ferkeatst wurde.
Beheer
2021-05-27T08:24:01+02:00
Deel deze pagina. Kies de sociale applicatie!